Home
    Ynformaasje
    Data & Locaties
    Foto's
    Meiwurkers
    Gasteboek
    Sponsors
    Kontakt
     
 


 
 
KREDO
 

Kredo is de opfolger fan it suksesfolle kroechteaterstik Katarsis. Kredo spilet him wer ôf yn de kroech, oan de tooch. Ek Kredo is skreaun troch keunstner Gerrit Breteler.

 
De tematyk fan it stik is it hjoeddeistige plattelân en hoe’t it minskdom him dêrta ferhâldt. Wat binne de konsekwinsjes fan ‘e de feroarings sa as dy yn rap tempo oer de plattelânsbewenner hinne komme? Hoe ferhâlde wy ús ta inoar? Wat bart der mei de taal?
 
Sykte en soarch bin twa wichtige saken yn in minskelibben. Yn Kredo docht bliken wat dit foar Pytsje, de fiskersfrou út Paesens, betsjut. Rudmer, alias Rudy C. , rekket folslein fan ‘t anker as hy in swiere boadskip te ferwurkjen krijt. Ds. Strikwerda, mei emiritaat, is de grutte riedshear foar it yndustrialisearjen fan de soarch.
 
Ds. Strikwerda, mei emiritaat, is de grutte riedshear foar it yndustrialisearjen fan de soarch. Hy is it ultime gewisse..........en sa hat de kommisje him fûn.
 
Yn syn frije tiid skriuwt ‘r toaniel. “Werom yn Sidderburen” is it stik wat hy yn kafee “De Bûnte Bok” foar it fuotljocht bringe wol. Mei help fan de diva Bianca van Slageringen, dy ‘t har yn it doarp te wenjen set ha, tidlik fansels, moat dit stik in grut sukses wurde.
 

De humor en de tragyk wikselje inoar yn rap tempo ôf, it bisûndere Fryske taalgebrûk sil  wer hilaryske en bewûnderjende reaksjes opleverje.

 

Kredo sil, neist de foarstellings yn kafee De Bûnte Bok yn Ljussens, wer op ferskate lokaasjes rûnom yn ‘e provinsje te belibjen wêze.