| |
|
Kredo op zee |
| |
|
 |
Tsjin ‘e jűn
stappe jo yn Lauwerseach oan board fan De Albatros (4 juny) as
De Heffesant (25 juny). Om 19.00 oere smite we de trossen los. Jo kinne dan
oan dek of yn it rom genietsje fan it prachitge utsicht oer it
waad. |
|
| Yn ‘e lijte fan
in eilân of in sânplaat giet De Albatros foar anker. Yn it rom, oan ‘e tape, stappe jo yn ‘e
wrâld fan ‘Kredo’. |
| |
|
‘Kredo’, skreaun trock keunstner Gerrit
Breteler, lit it libben yn folle gloarje lânskomme; it laitsjen,
it gűlen, de emoasje en de belibbing.
Koartsein; it feest fan it
werkennen! |
| |
|
De akteurs Gerrit Haakma en Anke Bijlsma litte de personaazjes,
dy ’t in besite bringe oan kafee ‘De Bűnte Bok’, ta libben komme. |
| |
|
Wylst de klanken fan it ymposante slotliet ‘De klacht fan
Keanske’ neigalmje kinne jo boppe on it dek bykomme fan al dizze
yndrukken. De bar bliuwt iepen wylst it anker ophelle wurdt en
de boat wer rjochting thúshaven fart. |
| |
|
Yn ‘e skimer kinne jo neiprate oer dizze bysűndere jűn, wylst de
nacht besit nimt fan it waad. |
| |
|
Om middernacht hinne is De Albatros wer yn ‘e haven fan
Lauwerseach. |
| |
| Programma: |
| 18.00-18.50
|
oanmeunsterje op De
Albatros/De Heffesant |
| 19.00 |
útfarre |
| 20.00 |
foar anker |
| 20.30 |
Kredo |
|
23.00 |
neisitte
op it dek / yn it rom |
|
23.15 |
weromreis
[om middernacht hinne wer yn Lauwerseach] |
| |
| Data: |
Freed 4 juny 2010 mei De Albatros |
| |
Freed 25 juny 2010
mei De Heffesant |
| |
Sneon 27 novimber
2010 mei De Heffesant |
| |
(besletten selskip) |
| Route:
|
Op de
webside fan de Albatros |
|
| Reservearje:
|
|
achmeaculpa@hotmail.com
(Varen & Kredo 35,- p.p.) |
| |